Luchtbûlen tsjin sâlt Iselmar

07 des 2009 - 22:14

Rykswettersteat sil yn de twa slûzen yn de Ofslútdyk in proef dwaan mei in luchtbûlskerm om dêrmei sâlt wetter te kearen. Fan de boaiem ôf blaast it skerm grutte luchtbûlen omheech. Dêrmei moat foarkaam wurde dat der noch langer in soad sâlt wetter út de Waadsee wei yn 'e swiete Iselmar telâne komt.

De Iselmar wurdt hieltyd sâlter en dat smyt problemen op foar ûnder oare wetterwinning en de lânbou.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)