Deifersoarging yn 'e kiif

Bingo is in ûnderdiel fan it programma fan de deifersoarging yn Sint Anne
Tal fan âlderen driigje meikoarten gjin gebrûk mear meitsje te kinnen fan deifersoarging. It giet dan om minsken dy't ien dei yn 'e wike nei in fersoargingssintrum kinne om aktiviteiten te dwaan.
Foarhinne waarden de kosten betelle troch de AWBZ, de Algemiene Wet Bysûndere Syktekosten. Mar steatssiktaris Bussemaker hat de regels oanskerpe. Tenei meie allinnich minsken mei in handicap noch gebrûk meitsje fan deifersoarging.