Haltstraf foar beljen mei 112

07 des 2009 - 15:38

Bern dy't mei opsetsin it alaarmnûmer 112 draaie, kinne foar straf yn in spesjaal Halttrajekt bedarje. De oerheid komt mei in nije kampanje, dêr't bern yn warskôge wurde foar it misbrûk fan 112. Dat misbrûk is no makliker op te spoaren omdat mobyltsjes no ek traseard wurde kinne.

Buro Halt sil bern tusken de tolve en achttjin jier no straffe. Dat wurdt dien omdat noch hieltiten in soad misbrûk makke wurdt fan 112. De nije 112-kampanje komt op tv en ynternet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)