Alex Pama opnommen yn sikehûs

Alex Pama (foto: Martin de Jong)
Alex Pama is opnommen yn it Antoniussikehûs yn Snits. De 37-jierrige direkteur fan Cambuur fielde him yn it wykein net goed en waard sneon foar observaasje nei it sikehûs brocht.
Wat der krekt mei Pama is, is noch net dúdlik. Ek by Cambuur wurde noch gjin meidielings dien. Nei alle gedachten wurdt yn de rin fan moandei mear bekend oer de tastân fan de direkteur fan Cambuur.