War Child wachtet op jild

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It jild dat ûndernimmer Wim Beintema fan Dokkum tasein hat oan War Child is noch altyd net oermakke. Dat lit in wurdfierder fan it goeie doel oan Omrop Fryslân witte. Beintema sammele ein ferline jier jild yn foar de stipe oan oarlochsbern. Op ien fan syn feesten oerlange hy mei boargemaster Waanders fan Dongeradiel in sjek fan 10.000 euro.
De 'casino-miljonair' waard tiisdei fallyt ferklearre. De organisaasje hopet no fia de kurator dy't de saak yn hannen hat it jild noch te krijen. War Child is net te sprekken oer de situaasje.