Strjitrôf Ljouwert mislearre

07 des 2009 - 09:46

De plysje is op syk nei trije manlju dy't sneintenacht yn Ljouwert besochten in Ljouwerter (31) te berôvjen. De man kaam út de kroech en waard yn de Vredeman de Vriesstrjitte benadere troch trije manlju. De Ljouwerter hie syn mobile tillefoan en in MP3-spiler yn 'e hannen. De fertochten wiene út op syn tillefoan.

De Ljouwerter wist te ûntkommen, mar foel. Hy waard oanslutend tsjin de grûn wurke. Neidat de Ljouwerter begûn te razen naaiden de manlju út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)