'50 euro nei minima Opsterlân'
Opsterlands Belang wol in einjiersútkearing foar de minima yn har gemeente. Se fine dat de minsken yn de djoere desimbermoannen in ekstraatsje fan 50 euro fertsjinje.
Opsterlands Belang tinkt dat de gemeente Opsterlân wol jild frij meitsje kin foar dit inisjatyf. De einjiersútkearing soe de gemeente op syn meast 60.000 euro kostje.