Fjouwer ferwûnen nei botsing

Fjouwer minsken moasten foar kontrôle nei it sikehûs (foto: Jaring Rispens)
By in oanriding tusken twa auto's binne sneintejûn fjouwer minsken ferwûne rekke. De oanriding fûn plak op de Sudergoawei by Hylpen.
De bestjoerder fan in auto mei twa ynsittenden soe fan Hylpen ôf de Sudergoawei opride mar seach nei alle gedachten in auto út de rjochting Koudum oer de holle. Dat hie in oanriding ta gefolch. Yn de auto út de rjochting Koudum sieten twa minsken en in hûn. Fjouwer minsken moasten foar kontrôle nei it sikehûs.