LDODK wint fan AKC

SCO tsjin LDODK in pear wike ferlyn
Kuorbalploech LDODK út De Gordyk/ Terwispel hat snein wûn fan AKC út Almelo. De stân by it skoft wie 14-11 foar LDODK. Yn de twadde helte spile de ploech neffens trainer Gerald Aukes mei de hânrem derop, mar dochs wisten se in 25-17 oerwinning te heljen.
SCO hie neat yn te bringen tsjin Die Haghe yn Den Haach. De ploech út Aldeholtpea ferlear mei 25-14. LDODK stiet nei fjouwer wedstriden ien punt achter de koprinners Vada út Wageningen en Die Haghe.