Noch gjin fjoerkontrôle natuer

Brân Fochteloërfean
De Fryske brânwacht sjocht noch gjin reden om aktyf te kontrolearjen op fjoer yn de natuer. Dat seit in wurdfierder fan de Feilichheidsregio Fryslân.
De droechte yn natuergebieden yn ús provinsje falt ta yn fergelyk mei oare provinsjes. Sa jildt yn Gelderlân, Utrecht, en parten fan Noard-Brabân en Limburch de koade giel foar ferhege brângefaar.