Fernielings op De Lemmer
In 28-jierrige Lemster en in 30-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean binne sneintemoarn op De Lemmer oanhâlden foar fernielings.
De twa soene by it ferlitten fan in kroech oan de Koartestreek de ruten fernield ha. De manlju binne nei ferhoar wer frijlitten. De eigner fan de kroech hat oanjefte dien.