Gerrit Kramer winner Winterrin

06 des 2009 - 13:45

De atleten Gerrit Kramer fan Boalsert en Ylona Kruis fan Ysbrechtum binne snein de winners wurden fan de tredde Winterloop yn Snits. Kramer hie nei 8750 meter 14 sekonden foarsprong op de nûmer twa, Dirk Lodema út Snits.

Hero Polet fan Snits waard tredde op ien minút en 19 sekonden fan de winner. Yn Snits wiene 180 dielnimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)