Albert v.d. Ziel wint Mildaam

06 des 2009 - 13:36

Hurdrinner Albert van der Ziel is sneon winner wurden fan de tsien kilometer lange Mildamerrin. De Berltsumer hie twa tellen foarsprong op Jappie Doller út Appelskea.

De Grinzer Jasper van Olst kaam op sân sekonden fan de winner as tredde oer de streek. By de froulju wie Geke Venema fan Easterlittens de rapste. De fiif kilometer waard wûn troch de Feanster Kevin Damstra en Sifan Hassen út Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)