Doel Proef Grou bekend

De opbringst fan Proef Grou 2009 wurd donearre oan in lokaal inisjatyf. Dit jier is keazen foar de nije muzyktinte op it Grien by it Halbertsmaplein.
It hjoeddeistige poadium mei keunststof oerkaping, dat neffens keunsthistoarikus Peter Karstkarel allinnich geskikt is foar in kameel, is al jierren ûnderwerp fan argewaasje en fandalisme. De donaasje is it startskot foar in projekt mei in brede kulturele funksje. Proef Grou wurdt holden op 19 en 20 desimber.