Kafee Shooters twa wike ticht

06 des 2009 - 13:13

It Ljouwerter feestkafee Shooters moat twa wike ticht. De gemeente Ljouwert fynt dat der de ôfrûne tiid tefolle gewelds- en oare ynsidinten west ha en dus moat de doar ticht. En dat ein desimber, foar de hoareka de lukrative dagen.

Eigner Willem Adema spant no mooglik in koart pleit oan tsjin de gemeente om dochs iepen te kinnen mei de feestdagen. De gemeente Ljouwert bliuwt by syn stânpunt. Neffens in wurdfierder is de maat no fol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)