Djoer ferlies Hajé Flyers

05 des 2009 - 22:59

De Hajé Flyers ha sneontejûn op it eigen iis fan Thialf mei 4-1 ferlern fan de Eindhoven Kemphanen, in grutte konkurrint foar it heljen fan de play-offs. It begjin fan de thúsploech wie al net goed. Keeper Stéphane Cesar boarte foar Sinteklaas en joech de 1-0 kado oan Eindhoven. Paul Vincent makke noch wol de lykmakker, mar dêrnei wie it dien mei de Flyers. Yn de twadde perioade waard net skoard.

Eindhoven sette de ûnmachtige Flyers yn de lêste perioade mei 3-0 oan kant.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)