Elma de Vries 3e op WB 1500 m.

Brûns foar Elma de Vries (foto: KNSB)
Elma de Vries hat yn Calgary by de wrâldbekerwedstriden op de 1500 meter mei in nij persoanlik rekôr it tredde plak helle. De âld-ynwenster fan De Haule ried 1.54,55. Har âlde toptiid wie 1.55,94. De earste twa plakken wiene foar Kanada. Kristina Groves wûn yn 1.54,35, Christine Nesbitt waard twadde yn 1.54,43. Marrit Leenstra waard santjinde yn 1.57,57.
Op de 500 meter waard Margot Boer fiifde yn 37,97 en Thijsje Oenema njoggende yn 38,19.