CSL stunt tsjin Mid-Fryslân

05 des 2009 - 17:36

De kuorballers fan CSL ha de earste punten yn de sealhaadklasse binnen. Yn sportkompeks It Gryn fan Stiens waard Mid-Fryslân mei 24-22 ferslein. Yn de earste helte like it der net op dat debutant CSL stunte soe. Healwei stie Mid-Fryslân, de ploech út Reduzum en Grou, mei 11-7 foar.

Yn de twadde helte waard it hurdwurkjende CSL ek noch ris tûk. Nei 16-16 kaam de ploech fan trainer Sake Koelma foar it earst op foarsprong. Under heechspanning waard it 24-22.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)