Striid om kampearfergunning

05 des 2009 - 15:11

De gemeente Ljouwert moat opnij in beslút nimme oer de ûntheffing dy't in Ljouwerter oanfrege hat fan it kampearferbod. De Ljouwerter mei om syn geloof net yn in hûs wenje. Hy freget de gemeente dêrom fergunning foar in kampearplak los fan in camping dêr't er foar langere tiid stean mei.

De gemeente hat him dat wegere fanwege eangst foar oerlêst troch de man. Neffens de rjochter is dat beslút lykwols net genôch motivearre en moat it dêrom opnij naam wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)