Bitgumer brûkt flinterbom

In 24-jierrige Bitgumer wurdt troch de plysje fertocht fan it fernielen fan in rút mei in flinterbom. It yllegale fjoerwurk ûnplofte sneon betiid by in wenning oan de Feartswâl yn Bitgum.
De plysje gie op syk nei de Bitgumer, omdat dy al earder betrape waard mei yllegaal fjoerwurk. De man waard fûn yn syn hûs. Dêr fûn de plysje ek de tape dêr't de flinterbom yn bewuolle wie en nochris trije flinterbommen en trettjin nitraatbommen. De man is fêstset op it plysjeburo.