Stienzer rekket rydbewiis kwyt
In ynwenner fan Stiens hat freed op de sneldyk by Hjerbeam syn rydbewiis by de plysje ynleverje moatten. De 23-jierrige man waard betrape mei 176 kilometer op de teller, wylst in maksimum snelheid fan 120 kilometer jildt.
Foar in Ingelskman wie der in boete fan 280 euro, omdat hy betrape waard mei in snelheid fan 165 kilometer.