Snitswike foaral sportyf feest

Sûperij krijt te folle omtinken
De Snitswike is in sportyf feest, gjin sûperij. Dat boadskip moat takom jier folle sintraler stean. It is ien fan de opmerkings yn in evaluaasje fan de gemeente Snits oer it evenemint. Ek is sjoen nei de rol fan SBS6. Dy soe yn de Snitswike-sjoernaals tefolle ynzoomed ha op it feest.
De Koninklijke Watersportvereniging Sneek kin him net fine yn de konklúzjes fan it rapport. Benammen ek de krityk op it programma fan SBS wurdt net ûnderskreaun.