B&W: Boarnsterhim opdiele

05 des 2009 - 10:38

De gemeenteried fan Boarnsterhim nimt mooglik begjin febrewaris al in beslút oer hoe't dy gemeente opdield wurde moat. Boargemaster en wethâlders hoopje dan alle tariedende petearen mei omlizzende gemeenten oer sa'n opdieling klear te hawwen.

Boargemaster en wethâlders bliuwe by har stânpunt dat Boarnsterhim net selsstannich fierder kin. De gemeenteried moat dêr noch wol akkoart mei gean. Dat wurdt dúdlik op 15 desimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)