Twadde ferlies Hajé Flyers

De Flyers krigen fiif goals tsjin (foto: Martin de Jong)
De Hajé Flyers rûnen freedtejûn tsjin it twadde ferlies oan yn de nasjonale iishockeykompetysje. Yn Tilburch wiene de Destil Trappers mei 5-2 te sterk. De earste perioade wie foar de thúsploech: 2-0. Yn de twadde perioade kamen de Flyers sterk werom. Paul Vincent en Brent Patry soargen foar in 2-2 tuskenstân.
Yn de tredde perioade makke Tilburch dien wurk mei in 3-0 winst. Tilburch bliuwt koprinner, de Flyers stean op trije punten tredde.