Cambuur gelyk tsjin GA Eagles

04 des 2009 - 21:34

SC_Cambuur is der net yn slagge te winnen fan Go_Ahead_Eagles. Beide ploegen wisten de goal net te finen en dus bleau it 0-0. Cambuur krige yn de wedstriid de measte kânsen, mar keeper Pasveer hie in goeie dei.

Mei noch tsien minuten te gean krige Kieftenbeld fan Go Ahead syn twadde giele kaart, mar ek tsjin tsien man slagge it Cambuur net om te skoaren. Troch it lykspul bliuwt Cambuur op it tredde plak stean, mei fjouwer punten efterstân op koprinner De Graafschap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)