Griene Bal foar Cambuur

04 des 2009 - 21:00

Sportklup Cambuur hat freed as tredde klup fan it lân de Griene Bal krigen. In klup krijt dizze foar inisjativen dy't de kracht fan it fuotbaljen ynset foar in bettere wrâld. By Cambuur wurdt wurke mei it projekt "Training Cambuur werkt". Minsken oant 27 jier sûnder útkearing wurde fjouwer wike lang behannele as proffuotballers.

Se begjinne moarns mei iten en dan in fuotbaltraining. Middeis folgje se in reyntegraasjeprogramma.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)