Nije wenfoarm foar pasjinten

04 des 2009 - 16:18

Yn Fryslân binne 450 minsken mei Korsakov. Alle jierren komme der 20 nije pasjinten by. Guon wurde opfongen yn fersoargingshûzen. Oaren wurde behannele yn in spesjale klinyk fan GGZ Fryslân.

Nij is dat in groep yn in gewoane wenwyk ûnder begelieding wennet. Yn Harns is lêsten sa'n nije wenfoarm opset. GGZ Fryslân wol op mear plakken sokke wenhûzen opsette. Guon bewenners kinne mooglik trochstreame nei selsstannich wenjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)