Fertochte De Blesse frijlitten

De fertochte yn de moard op Ida Klijnstra fan De Blesse is freed frijlitten. It giet om de 28-jierrige man út Wolvegea, dy't ein oktober oanhâlden waard. De resjerzje hat syn belutsenheid op de moard op Ida Klijnstra, juny foarich jier, ûndersocht.
Neffens justysje is der gjin reden om de man langer fêst te hâlden. De Wolvegeaster bliuwt wol fertochte. Hy ûntkent alle belutsenheid by de moardsaak.