Replika Barentsz yn Harns

04 des 2009 - 14:47

Harns krijt der mooglik in nije toeristyske attraksje by. Koos Westra en Gerald de Weerdt wolle yn de haven in replika fan de Willem Barentsz bouwe. It ekspedysjeskip woe ein 16e ieu de noardlike farrûte befarre. It skip kaam lykwols fêst te sitten yn it iis, wêrnei't de bemanning yn Het Behouden Huys oerwinterje moast.

It is de bedoeling dat de bou fan it skip nije toeristen nei Harns lûkt. Studinten fan de maritime opliedingen soene by de bou helpe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)