Wynmûnepark net op te kearen

Fryslân kin it wynmûnepark dat by de Noardeastpolder yn de Iselmar komt net opkeare. In part fan de wynmûnen komt op grûn fan de gemeente Lemsterlân.
It eigen provinsjale belied ferbiedt de pleatsing fan wynmûnen yn de Iselmar. Mar dit park falt ûnder ferantwurdlikheid fan it Ryk en dêr hat de provinsje neat oer te sizzen. It iennige foardiel fan it wynmunepark foar Fryslân is, dat it kânsen biedt om lytse wynmûnen op it lân fuort te heljen.