Auto's keare op Midslân

04 des 2009 - 12:24

Skylge wol auto's ek yn de winter út de belangrykste winkelstrjitte fan Midslân keare. Dat stelt it kolleezje foar oan de ried. No binne de auto's tusken april en novimber net wolkom yn de strjitte. It kolleezje hie fan de strjitte it leafst it hiele jier troch in kuiergebiet makke, mar dêr wol de gemeenteried noch net oan.

No't in soad omwenners oanjouwe dat se de auto's keare wolle, komt it kolleezje mei dit plan. Fytsers kinne wol op de winkelstrjtte komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)