Gjin 'weekendje weg'

04 des 2009 - 10:28

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert sil gewelddiedige stappers dit wykein net samar oant moandei fêstsette. Dat barde de lêste moannen wol yn Ljouwert en Snits. Oppakte stappers bedarren yn de sel en mochten der moandei pas út.

It IM kaam mei dy maatregel om it útgeansgeweld oan te pakken. De rjochtbank sei fannewike lykwols dat dy metoade der net op troch kin. Stappers dy't dit wykein oppakt wurde, wurde flot foarlaat oan de piket-ofsier of frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)