Plysje rêdt libben frou

04 des 2009 - 10:17

In omstanner en in motoragint ha tongersdei it libben rêden fan in frou yn Ljouwert. Se siet yn in auto op it Noardfliet doe't se net goed waard. Har man seach it gebeuren en warskôge in passearjende motoragint. Dy rôp de help yn fan kollega's en hat de frou mei in omstanner reanimeard.

De reanimaasje waard letter oernaam troch twa aginten op de fyts. Doe't de ambulânsemeiwurkers oankamen, is ek in defibrillator yset. De frou krige wer hertslach en is nei sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)