Brievebus opblaasd

04 des 2009 - 10:13

Yn Surhústerfean is in brievebus fernield. In groepke jongeren hat woansdei fjoerwurk yn in brievebus smiten.

De plysje koe mei help fan in tsjûge in 13-jierrige jonge fan De Harkema oanhâlde. Hy joech ta dat er mei twa oaren de brievebus fan TNT opblaasd hie mei in nitraatbom. Tsjin twa oare jonges hat de plysje proses-ferbaal opmakke om't se yllegaal fjoerwurk yn besit hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)