Marrekrite hellet 170.000 op

De wimpels binne poerbêst ferkocht
In rekordtal wimpels fan De Marrekrite is ferline jier ferkocht. Frijwilligers ha mei de wimpelferkeap 170.000 euro ophelle. Mei de oankeap fan de wimpels betelje wettersporters mei oan bygelyks it ûnderhâld fan lisplakken en it opheljen fan it smoargens. De taname fan de opbringst is opfallend om't der fan 't simmer net mear wettersporters yn ús provinsje wiene.
De Marrekrite wol takom jier bot ynvestearje yn it ûnderhâld.