H'fean libbet noch nei lykspul

Assaidi makke noch in doelpunt (foto: RTV Gelderland)
SC Hearrenfean hat nei de 1-1 yn Portugal tsjin Sporting Lissabon noch altyd kâns om ek nei de winter yn de Europa League te spyljen. Mar de Feansters binne wol ôfhinklik fan de tsjinstanner fan tongersdeitejûn. Sporting moat dan de lêste wedstriid winne yn Berlyn fan Hertha BSC en sels moat thús wûn wurde fan FK Ventspils.
Assaidi sette Hearrenfean yn de 47ste minút op foarsprong. Dêrnei waard it ienrjochtingsferkear. Yn de ekstra tiid foel de lykmakker fan Grimi.