Jild foar opknappen klupgebou

03 des 2009 - 21:34

It monumintale klupgebou fan de iisklup fan Nijelemmer wurdt opknapt. De iisklup hat in flinke subsydzje fan Monumintesoarch krigen. It klupgebou sit yn in âld gemaal fan it wetterskip út 1921, mar is bot fertutearzge. Sa is it dak lek en sitte der flinke skuorren yn de muorren.

De klup besocht al jierren om sponsors te krijen foar in opknapbeurt. Der is 100.000 euro nedich. In tredde part dêrfan is der no, mar de klup wol takom jier al begjinne mei it wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)