Nij finansieringsplan spoar

Spoar moat der komme
It oandiel fan Smellingerlân yn it spoar tusken Drachten en Grins moat betelle wurde troch oare projekten te skrassen of by te stellen. Dat is in nij foarstel fan boargemaster en wethâlders oan de ried.
B&W hiene de bydrage fan 24 miljoen euro bekostigje wollen troch de ûnreplik saak belesting takom jier mei 20% te ferheegjen. Mar de ried woe dat net. It kolleezje stelt no foar om te besunigjen op guon projekten en om de OZB mei 5% te ferheegjen.