Jildsoargen foar brassband

Brassband Concordia fan Bûtenpost
Kristlike Brassband Concordia fan Bûtenpost driget kopke ûnder te gean omdat it korps net langer âld papier ophelje mei. Dat soe 11.000 euro yn it jier skele. Om dat oan te kinnen soe de kontribúsje seis kear sa heech wurde moatte, mar dat is foar de leden net op te bringen.
De Brassband helle it âld papier sûnt 1981 op, mar dat is trije jier lyn oernaam troch Omrin. De gemeente hie in kompensaasjeregeling ynsteld, mar dy hâldt no op.