Hûs regelje op ynternet

03 des 2009 - 19:09

Minsken yn Súdeast-Fryslân dy't in hûs hiere wolle by wenningkorporaasje Actium, kinne dat ynkoarten sels op ynternet regelje. De korporaasje set fan jannewaris ôf alle hûzen dy't frijkomme op de webside.

Hierders kinne sels in geskikt hûs sykje. Se kinne har wenwinsken oanjaan. As der in hûs beskikber komt dat oan de easken foldocht, krijt de hierder in emailberjocht. Actium hat huzen yn it Súdeasten fan Fryslân en yn Drinte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)