Mear boaten yn Snits yn 2009

Mear boaten yn Snits
It tal boaten dat foar in oernachting oanlein hat yn Snits dit jier is flink omheech gien ferlike mei 2008. Der leine dit seizoen 12% mear boaten oan. De groei wie it grutste yn de moannen april, maaie en juny.
Boatsjeminsken komme nei eigen sizzen graach yn Snits fanwegen de goeie foarsjennings, de oantreklike binnenstêd en de betelbere prizen. Wat foarsjenningen oanbelanget kinne boatsjeminsken fan takom jier ôf triedleas ynternette yn de havens.