Lift De Skou yn Balk wer makke

03 des 2009 - 17:47

De lift yn it senioarekompleks de Skou yn Balk is wer makke. De measte fan de heechbejaarde bewenners fan it gebou koene de ôfrûne wike de doar net út fanwege de stikkene lift. De measte minsken kinne net goed mear rinne en koene de treppen net op en ôf.

It ûnderdiel dat it probleem ferhelpe moast, moast út Finlân komme en waard net earder as freed ferwachte. Mar de printplaat wie der earder as ferwachte, sadat de lift tongersdei wer in yn wurking steld wurde koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)