Iensume âlderen probleem

03 des 2009 - 16:46

Iensumheid ûnder âlderen wurdt in hieltyd grutter probleem. Fan de 75-plussers fielt de helte him iensum. Tongersdei wie op It Hearrenfean in kongres foar beliedsmakkers oer it probleem. Troch de fergrizing komme der hieltyd mear iensume minsken. Yn Fryslân giet de fergrizing flugger, dus spilet it probleem hjir it earst.

Oarsaken fan iensumens by âlderen kinne wêze: yndividualisearring fan de maatskippij, earmoed en bern dy't fierder fuort wenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)