Soad fraach nei keunstiis

03 des 2009 - 16:12

Der is in grutte fraach nei keunststofiisbanen. Sa fernimt it bedriuw Glice op It Hearrenfean. Sy meitsje en ferhiere saneamde non-frozen iisbanen dy't makke wurde fan keunstofplaten en in spesjale gel. Glice hat yn 2007 syn earste keunstofiisbaan op de merk brocht.

Desimber is in toptiid foar Glice. Dan wurde sa 'n 20 banen ferhierd. Al mei al 3000 kante meter oan keunststofiis. Takom jier ferwachtet it bedriuw noch in hegere omset te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)