Help jongeren fia ynternet
Jongeren dy't te krijen hawwe mei geweld of misbrûk kinne fan tongersdei ôf help krije op it ynternet. Meiwurkers fan Fier Fryslân prate fia har webside mei de jongeren, jouwe se begelieding en biede help oan.
Neffens eigen sizzen is Fier Fryslân de earste yn Nederlân dy't de online helpferliening oanbiedt. It moat derfoar soargje dat jongeren earder help sykje.