Skries Gaast omkaam yn Mali

03 des 2009 - 14:41

Ien fan de fyftjin Fryske skriezen dy't fan 't maitiid in stjoerderke krigen hawwe, is yn Mali omkommen. Gaast sa't de namme fan de fûgel wie, rekke yn in fiskersdoarpke betize yn in fisknet en oerlibbe dat net.

Wittenskippers fan de RUG hiene yn fyftjin skriezen in satellytstjoerderke ynbrocht om har trekrûte fan Europa nei Afrika te folgjen. Nei it briedseizoen yn Fryslân fleach Gaast yn juny fia Spanje en Senegal nei Guinee-Bissau.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)