Onder de Luifel nei Crystalic

Onder de Luifel Catering en Partyservice út Ljouwert hat it hoareka-part fan bedriuwsgebou Crystalic oernaam. Dat smyt fjouwer ekstra arbeidsplakken op.
Reden fan de oername is de fraach by Onder de Luifel nei bysûndere lokaasjes foar it organisearjen fan fergaderingen en eveneminten. Onder de Luifel is al fyftich jier aktyf yn Noard Nederlân yn de partyservice en de catering.