Komst 200 Go Ahead-supporters

03 des 2009 - 14:23

Mooglik 200 supporters fan Go Ahead Eagles hawwe in kaartsje foar de wedstryd freed tsjin Cambuur. De groep sil op eigen gelegenheid út Deventer nei Ljouwert komme, neffens de supportersferiening fan de Eagles.

De plysje foarsjocht grutte problemen. Teamsjef Sylvia te Wierik fan de plysje Ljouwert tinkt dat se net genôch plysjeminsken ynsette kin. Cambuurfans hawwe oankundige dat se de supporters út Deventer by Grou opwachtsje sille en op de fûst wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)