Sel easke tsjin pedofyl

03 des 2009 - 12:42

Tsjin in 37-jierrige Ljouwerter is 2,5 jier sel wêrfan 8 moanne ûnder betingst easke, foar ûntucht mei trije famkes en it yn besit hawwen fan berneporno. It Iepenbier Ministearje rekkenet him foaral it besit fan goed 3400 foto's en hast 150 bernepornofilms swier oan.

Op de foto's en filmkes steane famkes fan tusken de 6 en 9 jier dy't seksuele hannelingen dwaan moatte. Op ien fan de filmkes is sels in famke fan 3 jier te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)