Nij Bosma Zathe kennissintrum

Proefbuorkerij Nij Bosma Zathe yn Ljouwert wurdt ít kennissintrum fan de melkfeesektor yn Nederlân. It moat it klopjend hert wurde fan ûndersyk mei ûnderwiis en ynnovaasje. De Wageningen Universiteit kiest foar Ljouwert om't dy kombinaasje dêr goed mooglik is.
Op dit stuit binne der noch njoggen proefbuorkerijen yn Nederlân. Neist de proefbuorkerij yn Ljouwert komt der ek noch ien foar de bargehâlderij yn it Brabânske Sterksel. De oare seis proefbuorkerijen sille ferdwine.